Annalen fan Ulster

Manuskript fan de Annalen fan Ulster (500–1000)

De Annalen fan Ulster (Iersk: Annála Uladh) binne annalen oer it midsiuwske Ierlân. De ferslaggen omfiemje de jierren tusken 431 en 1540. De ferslaggen oant 1489 waarden gearstald yn de lette 15e iuw troch de skriuwer Ruaidhrí Ó Luinín, ûnder syn patroan Cathal Óg Mac Maghnusa op it eilân Belle Isle yn Upper Lough Erne yn de provinsje Ulster. Lettere ferslaggen (oant 1540) binne troch oaren taheakke.

Eardere annalen út de 6e iuw wienen de boarne foar de betide ferslaggen; de lettere ferslaggen waarden basearre op mûnling oerdroegen skiednis.

De annalen binne skreaun yn it Iersk-Gaelysk, mar guon ferslaggen ek yn it Latyn. Omdat de annalen wurd foar wurd út de boarnen wei oerskreaun binne, binne sy net allinne nijsgjirrich foar skiedkundigen, mar ek foar taalkundigen dy't de ûntjouwingen fan it Iersk bestudearje.

De bibleteek fan it Trinity College yn Dublin, besit it oarspronklike manuskript. De Bodleian Library yn Oxford hat in eigentiidske kopy, dêr't in tal gatten út it orizjineel yn opfold binne.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy